Stedsomropper foar Bolwurk

06 sep 2009 - 13:07

Poppoadium it Bolwurk yn Snits iepenet nei in jier fan ferbouwen wer har doarren op 2 en 3 oktober. De razende stedsomropper D-A-A-N sil de kommende wiken op de fyts lâns De Jouwer, It Hearrenfean, Drachten, Ljouwert en Snits om de iepening oan te kundigjen.

Yn it iepeningswykein stean der ferskate nasjonaal en ynternasjonaal bekende bands op it poadium, lykas Aux Raus, Moke, The Madd en Drive Like Marika. Yn de moannen dêrnei trede û.o. Rowwen Hèze en No Fun At All op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)