Kaartferkeap Inside út ein set

Beth Hart
De kaartferkeap foar it indoor muzykfestival Inside is sneon út ein set. It festival wurdt holden op sneon 28 novimber yn it WTC Expo yn Ljouwert. Inside biedt in programma mei muzyk, teater en ferdivedaasje.
Yn de line-up stean: Beth Hart (Feriene Steaten), Boris, Drive Like Maria, Klerkx (allegear út Nederlân) en Madensuyu út België. De list is noch net kompleet, want der wurde noch mear acts fêstlein.