Miljoen foar oanpak bushaltes

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol 160 bushaltes better tagonklik meitsje foar handikapten, minsken mei in rollator en minsken dy't net goed sjen of hearre kinne. It tagonkliker meitsjen kin troch it ferbreedzjen fan halteperrons, de oanlis fan in geliedestrook foar blinen of in oprit foar minsken mei in rollator.
De oanpassings moatte de kommende seis jier dien wurde. In part wurdt dan betelle troch de gemeente en in part troch de provinsje.