Mid-Fryslân wint fan Drachten

05 sep 2009 - 20:00

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha de earste wedstriid fan de kompetysje yn de oergongsklasse D mei 16-13 fan Drachten wûn. Op in winich fjild yn Reduzum naam Drachten in 7-3 foarsprong. By it skoft wie de marzje noch twa punten: 8-6 foar Drachten. Mid-Fryslân waard yn de twadde helte baas op it eigen fjild. De ploech rûn út nei 16-11, de einstân waard 16-13.

Yn deselde klasse wûn CSL yn Britsum mei 17-11 fan Rodenburg en LDODK mei 20-7 fan De Hoeve.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)