Haakman wint Trynwâlden

© Omrop Fryslân
Tino Haakman fan Enkhuzen hat sneon de Omloop fan de Trynwâlden wûn. Hy wie yn de einsprint rapper as Peter Merx fan Warfhuizen. Lang wiene der njoggen mannen foarút op it parkoers fan tsien kilometer lâns Gytsjerk en Aldtsjerk.
De twa wiene foarút sprongen en waarden troch de oaren net byhelle. Mei in foarsprong fan sa'n 100 meter wie de fytser út Enkhuzen de winnaar fan dizze achtste edysje.