Rob Barel wint op It Amelân

05 sep 2009 - 16:28

Rob Barel fan Overberg is sneon op It Amelân Nederlânsk Kampioen off-road triatlon wurden. Youri Severin fan Almere en Rorik Schouten fan Hoogwoud waarden ûnder swiere omstannichheden twadde en tredde yn de wedstriid fan 1500 meter swimmen, 35 km mountainbiken en 12 km hurdrinnen. Bêste Fries waard Lex Kiewied fan Nes.

By de froulju wûn Maud Golsteyn Nieuwstadt. Twad en tred waarden Mirjam Weerd fan Amersfoort en Rahel Bellinga út Soest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)