Dei fan 'e duorsumens

05 sep 2009 - 14:47

Yn proefbuorkerij Nij Bosma Zathe is sneon de Dei fan de Duorsumheid foar Ljouwert en omkriten begûn. Wethâlder Verdoner fan Menameradiel iepene de dei troch wetter út de Swette te drinken mei in spesjaal rietsje. Fierder is der in tsien kilometer lange fytsrûte en der binne diskes yn Nij Bosma Zathe.

De dei draait om it gebiet dêr't de nije Heak om Ljouwert oanlein wurdt en net elkenien fynt dat like duorsum, sa docht bliken út in protestspandoek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)