Jacco hellet de 80 oeren net

05 sep 2009 - 12:04

Yn it Hilversumske ynstitút Beeld en Geluid is sneontemoarn de rekôrpoging tv-sjen fan de Ljouwerter Jacco de Vries ta in ein kaam. Nei 72 oeren moast er syn wrâldrekôrpoging stake. Mei syn trijen setten de tv-sjoggers woansdei útein. Ien fan harren is noch yn aksje.

Jacco de Vries sil moandei wer gewoan oan it wurk. Hy is wat wurch en slûch, mar makket it fierder goed. In dokter hat de sûnenstastân fan de dielnimmers yn 'e gaten hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)