Qbuzz sil ek ride yn Grinslân

De Qbuzz begjint yn desimber ek troch Grinslân en Drinte te riden...
Ferfiersmaatskippij Qbuzz mei ek ride yn de provinsjes Grinslân en Drinte. De oanbesteging fan de grutste buskonsesje yn ús lân is neffens de regels ferrûn. Dat hat de rjochter freed bepaald. Busbedriuw Arriva hie in koart pleit oanspand tsjin it OV Bureau Grinslân/Drinte, mar ferlear.
Arriva en Connexxion reitsje it busferfier no kwyt oan Qbuzz, dy't de oanbesteging wûn. Qbuzz hat 400 bussen besteld, in ynvestearring fan sa'n 900 miljoen euro.