Omrin kostet Smel'lân jild

Omrin wol 2,5 miljoen hawwe fan Smellingerlân
Smellingerlân sil ta de bûse moatte om Afvalsturing Friesland de skea te fergoedzjen dy't ûntstien is neidat de gemeente it kontrakt opsei. De rjochter hat dit útsprutsen. De fraach is hoe heech dy fergoeding wêze sil. De gemeente tinkt it wol wat tafalle sil; Omrin tinkt oan 2,5 miljoen euro.
In mearderheid fan de gemeenteried fan Smellingerlân stimde trije jier lyn foar it ferbrekken fan it kontrakt. De grutste partij, de PvdA stimde doe yntern ferdield.