Lêste Sutelaksje út ein set

04 sep 2009 - 15:51

De Sutelaksje fan it Fryske Boek is freed offisjeel út ein set. Dat barde yn Stiens dêr't boargemaster Ter Keurs fan Ljouwerteradiel it startskot joech. Dêrnei treaune skriuwers kroadenfol boeken rjochting kultureel sintrum De Skalm. It Fryske Boek bestiet 75 jier en dizze sutelaksje is de lêste. It is op in soad plakken hieltyd dreger te organisearjen.

In nije aksje dy't de Sutelaksje yn 'e takomst ferfange moat, is der lykwols noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)