Jacco sjocht al 50 oeren tv

Fjouwerkante eagen hat er noch krekt net, mar hy is in ein op wei. Jacco de Vries (30) fan Ljouwert docht mei oan in poging it wrâldrekôr tv-sjen te ferbetterjen. Dat stiet no noch op 80 oeren, mar Jacco en noch twa oaren besykje it te ferbetterjen.
De rekôrpoging wurdt organisearre troch Veronica Magazine en wurdt hâlden yn it gebou fan Beeld en Geluid op it mediapark yn Hilversum. Om it rekôr te heljen moat Jacco it tv-sjen noch oardel dei folhâlde.