Tipjild saak-Klijnstra omheech

04 sep 2009 - 12:12

De famylje fan 'e fermoarde Ida Klijnstra út De Blesse siket mei it ferheegjen fan it tipjild in lêste kear de moard op te lossen. Tongersdei waard bekend dat it resjerzjeteam útwreide wurdt, omdat der nije ynformaasje beskikber is.

Foar de famylje is de nije ynformaasje reden om 100.000 euro beskikber te stellen foar de gouden tip. Earder wiene der al legere bedraggen beskikber foar tips. Frou Klijnstra waard 23 juny 2008 om it libben brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)