Brân yn wenhûs Frjentsjer
By in brân oan de Seisbierrumerwei yn Frjentsjer hat freedtemoarn betiid in hûs in soad skea oprûn. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is noch net bekend.
De bewenster koe op 'e tiid troch de plysje út 'e hûs helle wurde. De brânwacht fan Frjentsjer waard ynset om de brân te blussen.