Famke (7) ferwûne by ûngelok

04 sep 2009 - 10:42

In famke fan sân jier út Wolvegea is tongersdei ferwûne rekke by in ferkearsûngelok yn har wenplak. It famke waard op de Kruisstraat oanriden troch in auto. Dy waard bestjoerd troch in 42-jierrige frou, ek út Wolvegea. Neffens tsjûgen stuts it famke de dyk oer sûnder út te sjen.

It famke is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)