Plysje nimt messen yn beslach

04 sep 2009 - 10:29

De plysje hat by in fûillearaksje yn 'e binnenstêd fan Ljouwert alve messen yn beslach naam. De aksje waard tongersdei hâlden by de Weaze, it treinstasjon en de Aldehou.

Neist de messen naam de plysje ek de stâl fan in skeppe en de beugel fan in seage yn beslach. In Ljouwerter (28) waard oanhâlden omdat er 28 boltsjes mei nei alle gedachten kokaïne by him hie. Dêrneist waarden ferskate bekeurings foar oare oertredings útskreaun.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)