Boetes foar bromfytsers
By in brommerkontrôle hat de plysje tongersdeitemoarn yn Drachten alve bromfytsers in boete jûn.
It gie dan foaral om skoaljeugd. Mei-inoar waarden op it Noarderein 34 bromfytsers kontrolearre mei help fan in saneamde rollerbank. De measte boetes waarden útdield foar it yllegaal opfieren fan brommers.