Fuotbalfroulju yn heale finale

04 sep 2009 - 08:57

It Nederlânsk frouljusfuotbal hat tongersdei mei in stevige ynbreng út Fryslân de heale finale helle op it Europeesk kampioenskip fuotbal yn Finlân. De njoggentich minuten waarden mei 0-0 folmakke yn in wedstriid mei in soad spanning. Nederlân ferdigene en Frankryk besocht oan te fallen.

Nei de ferlinging kaam it op penaltys oan en nei in pear missers oer en wer kaam Nederlân as winner út 'e bus. Keepster Loes Geurts fan Hichtum stie de hiele wedstriid ûnder de latte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)