Auto te wetter by Lorentzkade

04 sep 2009 - 08:53

In Goutumer (72) en syn hûn binne freedtemoarn om it libben kaam by in iensidich ûngelok yn Ljouwert. It slachtoffer ried op 'e Lorentzkade mei opset sin mei syn auto it Van Harinxmakanaal yn. In foarbygonger seach it en belle de helptsjinsten.

Dûkers fan 'e brânwacht hawwe it slachtoffer en de hûn út de auto weihelle. De man is noch wol yn kritike tastân oerbrocht nei it sikehûs, mar is dêr ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)