Reklamebelesting Surhústerfean

03 sep 2009 - 20:18

Om yn it sintrum fan Surhústerfean ek yn de takomst promoasjeaktiviteiten organisearje te kinnen, wurdt ûndernimmers frege wat sy fine fan reklamebelesting. No betelje fan de goed 100 bedriuwen 60 ûndernimmers mei oan saken lykas de sinterklaasyntocht en de feestferljochting.

Undernimmersferiening H&I wol dat alle ûndernimmers jierliks 450 euro betelje. De gemeente Achtkarspelen fielt dêr as belesting-ynbarder wol foar, mar allinnich as elk meidwaan wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)