'Luilekkerland' wer ynrjochte

03 sep 2009 - 18:02

De Friesland Bank wol in kweek- en grientetún by it bûten Oranjewâld yn eare werstelle. It stik grûn hjit Luilekkerland en waard troch de eardere bewenners fan it bûten brûkt. Der stiet noch altiten in hûske dêr't apels en parren yn bewarre waarden.

Yn gearwurking mei de eigner fan 'e grûn, Steatsboskbehear, en de stifting Fruit yn Fryslân is in plan makke om de tún te werstellen. Der komme bygelyks bysûndere fruitbeammen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)