Blauwe Diamant is mislearre

It projekt om de grêften skjinner te meitsjen is mislearre
It Blauwe Diamant-projekt, dat bedoeld wie om it wetter yn de grêften fan Ljouwert skjinner te meitsjen, is mislearre. Skjin wetter waard de grêften ynpompt troch in systeem fan oerdruk. Dat systeem is no stopset.
It wetter is wol wat skjinner wurden, mar net sa skjin dat it as drinkwetter tsjinje kin. Dat waard doedestiids wol beloofd troch wethâlder Hafkamp. De kommende moanne sil praat wurde oer in nij projekt.