Basisskoalle Wyns is kreake

03 sep 2009 - 13:17

De basisskoalle yn Wyns is kreake. De skoalle stiet al in jier leech. De suskes Danaia en Marisa Tuinenga út Wyns fûnen it net langer kinnen en namen it gebou twa wiken lyn oer.

Mei de kreak wolle se de gemeente Tytsjerksteradiel witte litte dat dy der sa gau mooglik foar soargje moat dat de skoalle net langer leech stiet. De gemeente seit yn in reaksje dat dy dêr al mei dwaande is. Der binne al in skoftlang petearen mei mooglike keapers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)