Oanslachsaak by oare rjochter

© Omrop Fryslân
In 42-jierrige ynwenner fan Sint Anne, dy't yn maaie drige mei in terroristyske oanslach op de rjochtbank yn Ljouwert, wurdt moarn frijlitten. De man waard op 25 july fêstset. De rjochtbank yn Ljouwert hat tongersdei ta frijlitting besluten en bepaalde ek dat it better is dat in oare rjochtbank de saak behannelt.
Neffens de Ljouwerter rjochtbank soe dat in plysjerjochter wêze kinne, omdat it om in ienfâldige bedriging giet.