Fytsles foar Ugandeeske bern

Ugandezen op besite yn Wolvegea
Sechtjin Ugandeeske skoalbern krije de kommende dagen fytsles yn Wolvegea. De les is ûnderdiel fan in folle breder programma dat de Ugandezen folgje sille.
Yn dat programma leit de neidruk op edukaasje, kultuer en sport. It programma is opsteld troch de ôfdieling VMBO-Grien fan AOC Terra yn Wolvegea. Learlingen fan dy skoalle giene earder al nei Uganda.