Graffity spuiters oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa Ljouwerters oppakt omdat se graffity spuiten op it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.
Neffens de plysje setten de twa de tekst 'Leeuwarden - antifries' op it stadion. Dat diene se yn de kleuren blau en giel. De twa Ljouwerters fan 18 en 19 hiene by har oanhâlding in tas mei fervespuitbussen by har.