Harnser pakt fia Dadergezocht

De Harnser is oanholden fia de site Dadergezocht
De plysje hat woansdeitemiddei op it treinstasjon fan Harns in 27-jierrige ynwenner fan dy stêd oppakt. De man wurdt fertocht fan it stellen fan in tas. Dat wie ein juny yn de trein fan Ljouwert nei Harns.
De stellerij waard fêstlein op bewakingskamera's. De bylden wiene koartlyn te sjen op de webside Dadergezocht. Ien fan de sjoggers fan de site werkende de man woansdei. De warskôge plysje pakte him dêrnei op.