Winst ASR trijekwart leger

De winst fan ASR trijekwart leger
ASR Verzekeringen hat oer de earste helte fan dit jier in nettowinst helle fan 77 miljoen euro. De winst is hast trijekwart leger as yn de earste seis moannen fan foarich jier. ASR wol de kommende jierren bot op kosten besparje en dêrom slút it foar 2012 ûnder oare syn festiging yn Wâldsein.
Op it kantoar fan it earder noch selsstannige Woudsend Verzekeringen wurkje 150 minsken. In part fan it personiel kin oer nei it haadkantoar fan ASR yn Utrecht.