Camperplak foar Earnewâld

03 sep 2009 - 09:59

De gemeente Tytsjerksteradiel wol it parkearterrein by de eardere tennisbaan yn Earnewâld oanwize as camperplak. Neffens de gemeente is der op it terrein plak foar fiif campers. Dy meie der op syn meast trije dagen en nachten achterelkoar stean bliuwe.

It terrein soe de kommende trije jier beskikber wêze foar de campers. Der kin noch wol beswier makke wurde tsjin it plan fan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)