Underskieding Donkerbroekster

© Omrop Fryslân
In man út Donkerbroek en ien út Amsterdam krije tongersdei in ûnderskieding foar it rêden fan twa minsken út Goaiïngaryp, earder dit jier. In man fan 72 en in frou fan 67 wiene oan it reedriden doe't se in ûngelok krigen. De beide manlju koene foarkomme dat de twa ferdronken.
De manlju krije fan boargemaster Kuiper op it gemeentehûs fan de Jouwer in oarkonde en in brûnzen medaille fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen.