Stenden krijt kennissintrum

02 sep 2009 - 21:00

Stenden University hat subsydzje krigen foar in kennissintrum sosjale ynnovaasje. Hjirmei kin de skoalle ûndersyk dwaan nei hoe't se omgean moatte mei de feroaringen yn it wurk. Sa kieze hieltyd mear wurkjouwers foar fleksibele wurknimmers.

Stenden ferwachtet dat opliedings as Personiel en Arbeid troch it kennissintrum in grutte groei trochmeitsje sil. Ek wurdt begûn mei in aparte oplieding foar sosjale ynnovaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)