Gjin WOB foar oven yn Harns

© Omrop Fryslân
De stifting Afvaloven Nee kin wol in WOB-proseduere begjinne om mear ynformaasje te krijen oer de ôffaloven dy't yn Harns boud wurdt, mar dy ynformaasje is der net.
Neffens de stifting hat de provinsje berekkeningen oer de útstjit fan de oven net iepenbier makke. De provinsje seit lykwols dat der gjin rapport fan dy berekkeningen is. Undersyksburo Witteveen & Bos út Deventer hat dy berekkeningen wol makke, mar net op papier setten.