Nije oanpak húslik geweld

02 sep 2009 - 17:00

Smellingerlân komt as earste gemeente yn Nederlân mei in spesjale oanpak fan húslik geweld. Yn Drachten is woansdei it startskot jûn foar it projekt 'Met elkaar voor elkaar'. Alle gefallen fan húslik geweld wurde yn kaart brocht, sadat der better yngrypt wurde kin. It tal ynsidinten nimt noch hieltyd ta. It nije projekt hâldt ek yn dat alle ynstânsjes dy't mei húslik geweld te krijen hawwe, better gearwurkje sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)