Kompensaasje winkels Saailân

02 sep 2009 - 15:34

Ljouwert kompensearret winkeleigners fan winkelsintrum Saailân. Der komme tûzenen klanten minder yn de wike troch de bouwurksumheden en de sluting fan de parkeargaraazje. In soad minsken tinke dat it winkelsintrum ticht is, mar dat is net sa.

Oer goed twa jier moat de bou fan nije winkels en it nije Fries Museum klear wêze. De garaazje is oer in jier klear. De ferwachting is dat it tal klanten dan wer oanlûke sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)