Tips oer relskoppers Cambuur

02 sep 2009 - 09:37

De plysje hat tsien tips binnenkrigen nei oanlieding fan it programma Opsporing Verzocht. Yn it programma binne tiisdei foto's en bylden toand fan de rellen nei ôfrin fan de wedstriid Cambuur-Roda JC.

Der soene acht foto's sjen litten wurde op televyzje, mar foar de útstjoering melde ien fan de acht him noch by de plysje. De plysje siket no noch om sân relskoppers. De tips dy't binnenkommen binne, wurde de kommende tiid neilutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)