Keunstwurk fan ôffal yn Burgum

© Omrop Fryslân
Yn Burgum wurdt freed in keunstwurk fan ôffal delset. It ôffal waard de ôfrûne wiken ynsammele troch de ynwenners fan Tytsjerksteradiel. It idee foar sa'n keunstwurk ûntstie by de bedriuwekontaktdagen, earder dit jier.
It keunstwurk wurdt ûnder oare makke fan blikjes, koektrommels en âlde paraplu's en freed yn elkoar setten. It moat minsken ynspirearje om ôffal opnij te brûken.