Kamera's yn haven Harns

01 sep 2009 - 18:44

Yn de haven fan Harns komme kamera's te hingjen. De kamera's moatte Rederij Doeksen en de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, yn de gaten hâlde. Beide ferfiere passazjiers fan Harns nei Skylge en Flylân. De kamera's binne fan Rykswettersteat.

Se moatte sjen oft de beide feartsjinsten harren wol oan de regels hâlde om't se mei elkoar konkurearje. Rykswettersteat wol benammen kontrolearje oft beiden harren wol oan de fartiden hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)