Mboua nei Fortuna Sittard

Marc Mboua wurdt ferhierd oan Fortuna Sittard
SC Cambuur ferhiert Marc Mboua foar de rest fan it seizoen oan Fortuna Sittard. De 21-jierrige oanfaller kaam by Cambuur net oan fuotbaljen ta. Mboua hat noch in kontrakt oant 2011 by de Ljouwerter fuotbalklup.
Cambuur is teloarsteld yn Sportklup Hearrenfean. De klup woe Cecilio Lopes hiere fan Hearrenfean, mar krige te hearren dat dat net koe. Hearrenfean ferhiert him no wol oan FC Zwolle, ta fernuvering fan Cambuur.