Talant mei karmerk hâlde

01 sep 2009 - 17:14

Soarchynstelling Talant mei syn karmerk hâlde. It karmerkynstitút hat klachten ûndersocht fan âlden oer misstannen yn de soarch foar har bern. De âlden wiene fan miening dat Talant net goed mei de klachten omgie. It bart hast nea dat it karmerkynstitút dan ûndersyk docht.

It ynstitút fynt dat Talant leard hat fan syn fouten en it karmerk dêrom fertsjinnet. Talant hie it karmerk ferlieze kind, mei as gefolch dat se minder jild fan it Zorgkantoor krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)