Bouwmeester yn kearnploech

Marit Bouwmeester fan Warten
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten wurdt opnommen yn de Nederlânske sylkearnploech. Bouwmeester (21) dy't yn de Olympyske laser-radial klasse fart, tanket har plak oan har goeie prestaasjes op de Europeeske en wrâldkampioenskippen dit jier.
Op it EK waard se kreas fyfde en op it WK einige se sels noch in plakje heger as fjirde. Bouwmeester hat har sinnen set op hege klassearrings op de kampioenskippen fan de kommende jierren.