Bakstiennen by museum weihelje

By guon wie al in bakstien besoarge
Ljouwerters dy't takom sneon meibouwe wolle oan in grut keunstprojekt by de Mercuriusfontein kinne in stien dy't se dêrfoar brûke moatte sels ôfhelje by it Fries Museum. Dy needoplossing waard tiisdei bekend makke op in parsekonferinsje oer it bouwurk dat in eksposysje yn it museum promoate moast.
Boargemaster Crone ferbea it útsuteljen fan de stiennen moandei. Hy krige sinjalen dat guon Ljouwerters oare bedoelings mei de stiennen hiene.