'Idee Plasterk goeie saak'

© Omrop Fryslân
Bestjoersfoarsitter Veenstra fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert fynt it in goeie saak dat minister Plasterk sjocht nei it hjoeddeistige stelsel fan it heger beropsûnderwiis. Dat stelsel is net mear allinnich bedoeld foar in lytse minderheid fan befolking.
Universiteiten en HBO's krije der in soad nije learlingen by. Dêrom soe it handich wêze om it ferskil tusken HBO en universiteit te skrassen.