Lemster fuotballer skorst

01 sep 2009 - 11:01

De 16-jierrige fuotballer fan VV Lemmer dy't sneon op it fuotbalfjild yn Warkum in jeuglieder fan VV Warkum in karatetraap joech, is foarearst skorst. De jonge mei ek net mear op it terrein komme fan VV Lemmer. Dat jildt ek foar syn 47-jierrige heit. Dat hat it bestjoer fan VV Lemmer moandei beslist yn in spesjale gearkomste oer it foarfal.

De maatregels fan de fuotbalklup jilde salang't it ûndersyk fan justysje en de KNVB yn de saak rint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)