Snelheidskontrôle: 206 te hurd

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei op trije ferskillende plakken snelheidskontrôles hâlden. Dat wiene plakken dêr't omwenners regelmjittich kleie oer de snelheid, nammentlik by de âlde Rykswei yn Skettens, de Twibaksdyk yn Boalsert en de Arumerwei yn Wytmarsum.
Yn totaal binnen 206 minsken troch de plysje sinjalearre dy't te hurd rieden. Oer de Rykswei by Skettens ried moarns tusken 08.00 en 11.00 in automobilist 129 dêr't 80 tastien is.