Ynbraken Ljouwert en Boalsert

01 sep 2009 - 10:37

Yn Ljouwert is moandeitenacht op ferskillende plakken guod stellen út in berging. By twa bergingen wie de doar forsearre. By een 73-jierrige bewenster is ark fuorthelle en by in 63-jierrige Ljouwerter binne fytsen stellen. Beide hawwe oanjefte dien.

Yn Boalsert binne snein flink wat konsumpsjebonnen stellen by in hoarekasaak oan de Dykstrjitte. De oerfallers binne deryn kaam nei't se de doar forsearre hiene. In man (37) út Bûtenpost hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)