Elektrysk farren yn Fryslân

Fryslân rint foarop mei it subsidiearjen fan elektrysk farren. Yn de jachtbou en yn de boateferhier wurde sa'n soad elektryske motors yn- en omboud, dat it jild dat de provinsje derfoar beskikber steld hat, al hast op is. Dat die moandei bliken by de iepening fan de wettersportbeurs Hiswa yn de haven fan IJmuiden.
Mei it driuwende paviljoen Elektrisch en Hybride Varen, in Frysk inisjatyf, wie der foar it earst op de Hiswa in soad omtinken foar dit tema.