Mear fersmoarge grûn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne mooglik folle mear lokaasjes mei fersmoarge grûn. Dat docht bliken út in argyf-ûndersyk dat de gemeente de ôfrûne twa jier holden hat. Yn totaal binne der yn it argyf njoggenhûndert lokaasjes ûndersocht dêr't op papier de saak net hielendal fan doochde.
Tweintich lokaasjes blike risikofol te wêzen en dy wurde fierder ûndersocht. It binne plakken dêr't bedriuwen stien hawwe lykas garaazjes, tichelwurken en skipswerven.