Alvestêdetocht mei in peddel

Peddeljend op in surfplanke
Tiisdeitemoarn om healwei njoggenen binne 18 minsken begong oan de Stand Up Paddle Alvestêdetocht. Sy stean dêrby op in surfplank en brûke in peddel om foarút te kommen. Wethâlder Florijn joech yn de Prinsetún yn Ljouwert it startskot.
De dielnimmers peddelje tiisdei nei Sleat. Dêr wurde se om trije oere ferwachte. De alvestêdetocht wurdt yn fiif dagen dien. Sneon komme de sporters wer oan yn Ljouwert. Se komme ûnder oare út Spanje en Frankryk.