Minder omset Friesland/Campina

31 aug 2009 - 21:12

De omset fan suvelkonsern Friesland/Campina is yn de earste helte fan 2009 werom rûn mei 15% en útkommen op goed 4 miljard. Uteinlik bleau der in winst oer fan hast 80 miljoen en dat wie dan wol wer 30% mear as yn deselde perioade fan ferline jier.

Troch de ekonomyske krisis wie der minder fraach nei produkten. Boppedat hie it bedriuw te lijen fan legere prizen fan molkprodukten lykas molkpoeier en tsiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)