Strânwacht Skylge: net drok

© Omrop Fryslân
De rêdingsbrigade fan Skylge hat it dizze simmer net drok hân. En dat is opfallend, want in hiel soad oare rêdingsbrigades hiene it dizze simmer krekt wol folle drokker as oare jierren. Neffens de strânwacht fan Skylge hat dat benammen te krijen mei de foarljochting dy't de badgasten krije. En ek it flaggesysteem mei de wite, giele en reade flaggen wurket goed. It tal minsken dat de rêdingsbrigade út see helje moast wie op ien hân te tellen.